Wurd ek keatskammeraat!


We witte dat it hiele protte minsken it keatsen yn Reduzum in hiel waarm hert tadrage.

Foar al dizze echte keatsleafhawwers, partikulier as bedriuw, biedt de keatsferiening Jan Reitsma Reduzum de mooglikheid om Keatskammeraat te wurden.

 

Wat hâldt dit yn?

Foar in ynlis fan minimaal 25 euro yn it jier wurde jo Keatskammeraat fan KF Jan Reitsma Reduzum.

Jo namme komt dan, mei permisje, op in prachtich ‘Keatskammeraten-boerd’ dat yn de sportbar hinget. In protte minsken giene jo al foar, mar der is wis noch romte foar mear!

 

Wat docht de keatsferiening mei de opbringst? Elts jier organisearet ús feriening op de sneins fan de merke in manljus 1e klasse KNKB-partij. De kosten fan dizze partij wurde diels dutsen troch de Keatskammeraten. Fansels wurdt jo namme as

Keatskammeraat ek neamd yn it programmaboekje fan de KNKB-merkepartij.

It jild wat fierder beskikbaar komt, brûke we foar alderhande jeugdaktiviteiten om de keatssport yn de trije doarpen hieltyd wer in boost te jaan.

Liket jo dit wat ta?

Nim dan kontakt op mei de sponsorkommisje, fia Willem Fopma, fia kfjanreitsma@gmail.com as 06-15115421. Op dizze wize stypje jo de keatssport yn de trije doarpen!